A32 wer ticht foar wurksumheden tusken Ljouwert en It Hearrenfean

18 maaie 2019 - 10:49

De A32 sil de kommende pear dagen wer op slot. Rykswettersteat fiert fan 17 oant en mei 20 maaie ûnderhâld út oan de dyk tusken Ljouwert en It Hearrenfean. It ferkear wurdt omlaat.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Jelmer de Vries fan Rykswettersteat

It stik dyk tusken Wurdum en knooppunt It Hearrenfean is freedtejûn om 22.00 oere ôfsletten en giet moandeitemoarn om 06.00 oere wer iepen.

De kant fan It Hearrenfean nei Ljouwert wie yn it wykein fan 5, 6 en 7 april al ticht om de ferfelende hobbels út de dyk te heljen. No wurdt ek de oare helte fan de sneldyk yn de tsjinoerstelde rjochting oanpakt.

Yn juny sil Rykswettersteat ek oan de slach: lâns de A7, A31 en de A32 wurdt meand en de goaten en fiadukten wurde frij fan ûnkrûd makke. Der komt in ridende ôfsetting.

(advertinsje)