Tsienmiljoenste besiker Swimfun feestlik ûnthelle

16 maaie 2019 - 13:29

Swimfun op De Jouwer hat tongersdei de tsienmiljoenste besiker ferwolkomme. De lokkige swimmer mei de kommende tsien jier fergees nei it swimbad. Se waard ûnthelle troch maskotte Sara, dy't mei in sjek op har stie te wachtsjen.

Foto: Swimfun

Yn 1967 is op de hjoeddeistige lokaasje in bûtenswimbad realisearre yn opdracht fan de doetiidske gemeente Haskerland. Doe hie it swimbad noch de namme De Stiennen Flier en koste in kaartsje 0,50 gûne.

Yn 1986 waard it weachslachbad boud, wat foar dy tiid tige modern wie. Yn de dêropfolgjende jierren is it swimbad ferskate kearen fergrutte en renovearre.

Swimfun is mei goed 200.000 besikers yn it jier ien fan de grutste attraksjes yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)