Wurksumheden foar nije stasjon Frjentsjer úteinset

16 maaie 2019 - 13:01

It stasjonsgebiet yn Frjentsjer wurdt op 'e nij ynrjochte. It gehiel moat oersichtliker wurde en mear útstrieling krije. No soe it noch in rommelich gehiel wêze. It stasjon moat mear alluere krije. It gebou komt derút te sjen as it gebou dat der yn 1973 stie, mar mei nije foarsjenningen. Ek moat it folsleine stasjonsgebiet griener wurde.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra prate mei projektlieder Dick Wolbers

Dizze wike is der boaiemûndersyk dien troch ûndersyksburo Bodemvisie út Grou. "Wy sizze altyd: it gebiet is funksjoneel, mar datearre. We hawwe krekt in prachtich moai projekt achter de rêch, Franeker Waddenpoort", fertelt projektlieder Dick Wolbers fan de gemeente Waadhoeke.

Mei dit projekt is de stêd sawol oer de dyk as oer it wetter better berikber wurden. Der binne trije nije brêgen kommen en in soad oanlisplakken by kommen.

"It stasjon freget no ek om oandacht. Oant 1973 hat hjir in moai stasjonsgebou stien. It nije ûntwerp is in nije foarm fan dat âlde gebou."

Der wurdt in soad parkeargelegenheid byboud. "Reden is de problematyk fan de Waadfakânsjegongers. Minsken hawwe ûntdutsen dat se hjir parkearje kinne en op de trein stappe kinne nei de eilannen. De omwenners hawwe dêr lêst fan. Yn it ramt fan it projekt 'binnenstad parkeren' hawwe wy dit meinaam."

Foto: Gemeente Waadhoeke

Eric Wagenaar fan Bodemvisie

Neffens Wolbers moat it projekt, as alles meisit, sa'n twa miljoen euro kostje. "Wy hawwe ôfrûne wike it boaiemûndersyk dien. Ik kin noch net sizze oft we nuvere dingen tsjinkaam binne. De meunsters geane earst nei it laboratoarium yn Rotterdam. Dêr moatte we op wachtsje", seit Eric Wagenaar fan Bodemvisie.

It ûndersyk wurdt dien om te sjen oft der sprake is fan boaiemfersmoarging. Dochs hat dizze syktocht wat skiedkundichs, want hy begjint yn de argiven. "Je moatte sjen oft der lokaasjes binne dêr't mei oalje wurke is of dat der in smederij stien hat dêr't mei metaal wurke is. Dat kinne je mei in histoarysk ûndersyk útfine. Je moatte witte oft je minsken net bleatstelle oan hege fersmoarging."

Foto: Gemeente Waadhoeke
Trefwurden: 
Frjentsjer stasjon
(advertinsje)
(advertinsje)