Festival moat minsken helpe oan baan fan de takomst

16 maaie 2019 - 12:34

De robots nimme it wurk oer, je hearre it hieltyd faker. En hoewol't dat by lang net alle beroppen ek echt sa is, is it wol sa dat troch de rappe technologyske feroaringen hieltyd mear beroppen feroarje of sels ferdwine. It lanlike Festival van het Leren wol minsken dy't hjir mei te krijen ha, helpe troch harren te wizen op de mooglikheden fan in libben lang leare. It festival fynt yn septimber plak yn Fryslân.

"In het verleden koos je een beroep voor je hele leven. Daar hoefde je maar één keer over na te denken en maar één keer te kiezen. De kans dat dat heel erg zou veranderen was niet zo groot", sa seit Steffen Pilkes fan it Leerwerk Loket Fryslân. "Maar nu moet je je eigenlijk constant ontwikkelen om je beroep te kunnen blijven doen. En soms om een volledig nieuw beroep, dat in het verleden niet eens bestond, uit te kunnen gaan oefenen."

Robots steane al langer yn fabrykshallen, mar yn de takomst mooglik ek dêrbûten. - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It Leerwerk Loket is ien fan de organisaasje dy't it Festival van het Leren organisearje sil. Ek oare organisaasjes sa as MKB Nederlân, fakbûn CNV en it UWV binne der by belutsen. Mar ek bygelyks Stichting Lezen & Schrijven. "Want het gaat niet alleen om werk", sa seit Pilkes. "Het kan ook zijn dat je nu eindelijk wel eens je kleinkinderen wilt kunnen voorlezen, maar eigenlijk nooit goed hebt leren lezen en schrijven."

Hieltyd mear beroppen wurde automatisearre. Bygelyks de útjefte fan boeken yn de biblioteek. - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It Festival van het Leren duorret in moanne. Doel is om safolle mooglik partijen byinoar te bringen, dy't minsken helpe kinne om harren klear te meitsjen foar de takomst. Dan giet it bygelyks om skoallen en minsken dy't workshops jouwe, mar ek minsken dy't loopbaanadvys jaan kinne.

Spesjaal omtinken is der foar minsken foar wa't dat libben lang leare net fanselssprekkend is. It giet dan bygelyks om minsken dy't muoite ha mei it lêzen en skriuwen of al lange tiid sûnder wurk sitte.

It Festival van het Leren is in inisjatyf fan UNESCO.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat oer it festival mei organisator Steffen Pilkes

(advertinsje)
(advertinsje)