Cambuur-trainer Hake takom seizoen nei Jong Utrecht

16 maaie 2019 - 11:49

Sportklup Cambuur-trainer René Hake wurdt takom seizoen trainer fan Jong FC Utrecht. Dat meldt Cambuur tongersdeitemiddei. Hake is dwaande oan syn lêste wiken by Cambuur. Syn kontrakt by de Ljouwerters waard earder al net ferlinge.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hake tekenet foar trije seizoenen by de belofteploech fan FC Utrecht, dy't yn de earste difyzje spilet. Jong Utrecht einige dit seizoen op it njoggentjinde plak.

Hake is noch op syn minst twa wedstriden haadtrainer fan SC Cambuur, dat yn de play-offs striidt om promoasje nei de earedifyzje. Takom snein en woansdei nimt Cambuur it yn de twadde ronde fan de play-offs op tsjin De Graafschap. Nei dit seizoen wurdt Hake by Cambuur opfolge troch Henk de Jong, dy't no noch trainer fan De Graafschap is.

Earder wie Hake trainer fan FC Twente en FC Emmen. Sûnt jannewaris 2018 is er yn tsjinst fan Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)