Fossylfrije Elfwegentocht 2018 yn de race foar grutte Europeeske prizen

16 maaie 2019 - 10:56

De Elfwegentocht 2018 fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân makket kâns op twa ynternasjonale duorsumensprizen. It fossylfrije projekt is ien fan de trije finalisten yn de kategory 'Engagement' binnen de EU Sustainable Energy Awards. Neist dizze sjuerypriis makket de Elfwegentocht ek kâns op de 'Citizens' Award', dy't bepaald wurdt troch in online stimming.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De prizen binne bedoeld foar projekten dy't bydrage oan in skjinne en duorsume takomst foar alle EU-boargers. Neffens it advyskomitee foar de Europeeske trofeeën foldocht de Elfwegentocht oan dizze betingsten. Op tiisdei 18 juny wurde de winners fan de EU Sustainable Energy Awards, wêrûnder de Citizens' Award, yn Brussel bekendmakke. Stimme kin fia de webside fan de EU Sustainable Energy Week.

Erkenning

Tsjeard Hofstra, projektlieder Elfwegentocht 2018: "Nei it beheljen fan de lanlike Galjaard-kommunikaasjepriis krijt de Elfwegentocht no ek ynternasjonaal erkenning. Dit is in geweldige boost foar de fossylfrije beweging. Ek toant it oan dat Fryslân ynternasjonaal foaroprint kwa duorsumens."

Bouwe de Boer, Enerzjykommissaris fan Fryslân en projektlieder fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân: "De Freonen feroverje stap foar stap de wrâld. Yn 2018 begûn de fossylfrije oerwinningstocht yn Fryslân, yn 2020 slute ek Grinslân en Drinte har oan by de nije Noordelijke Elfwegentocht. No is Europa razend entûsjast, it kin net better!"

Elfwegentocht 2018

By de Elfwegentocht reizgen fan 1 oant en mei 14 july 2018 mear as 100.000 Friezen fossylfrij. Oeral wiene elektryske auto's, griengasbussen, fytsen en oare duorsume ferfiersmiddels te sjen. Op 14 july fûn it slotstik plak: de grutte Duorsume Parade oer de Wâldwei, wêrby't hûnderten fossylfrije fehikels oer, boppe en by de dyk del riden en fleagen.

Noordelijke Elfwegentocht yn 2020

De Elfwegentocht komt kommend jier werom yn gruttere foarm. Dan slaan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte de hannen gear foar twa fossylfrije wiken fan 1 oant en mei 13 juny 2020.

(Advertinsje)
(Advertinsje)