Henk de Jong: "It fielt oars as tsjin oare klups"

16 maaie 2019 - 10:39

Henk de Jong sil der alles oan dwaan om de Graafschap yn de earedifyzje te hâlden. Hy treft mei syn ploech SC Cambuur, de club dêr't hy nei de simmer, tegearre mei syn assistint Sandor van der Heide oan de slach sil. De Jong: "Oer twa wedstriden wint de bêste, en ik hoopje dat wy dat binne."

Foto: ANP

As Cambuur dit wint, binne sy in stik tichterby de earedifyzje. Dat liket De Jong en Van der Heide ek wol goed út te kommen, mar dêr wol Henk de Jong neat fan witte. "Net in sekonde. Sa lang as ik by de Graafschap sit, bin ik dy klup trou en set ik my dêr 100% foar yn."

"En dat snapt elkenien by Cambuur", giet er fierder. "Sy witte ek hoe't de fuotballerij is, hoe't alles is. De minsken by De Graafschap binne sá goed foar my en foar Sandor, dat is gewoan net normaal. As wy der mei De Graafschap yn bliuwe, leverje wy in wrâldprestaasje. Dat gean wy net fuortsmiten."

Henk de Jong

Leaver net tsjin Cambuur

"Wy hienen leaver in oare tsjinstanner hân, want wy hawwe wol in waarm hert foar Cambuur, oars wurde wy dêr gjin trainers. Dat kinne wy skiede. Ik sjoch Cambuur wol as tsjinstanner."

De Drachtster fuotbaltrainer sjocht út nei de wedstriid tsjin Cambuur, en hat der ek wol in spesjaal gefoel by. "Ik fyn 't leuk, ik hoopje dat it Cambuurstadion fol sit, ûnder de wedstriid binne wy sportive fijannen, mar de minsken binne allegear hartstikke netsjes tsjin ús."

"Oarsom ek, nei de Cambuurminsken, mar wy wolle dy wedstriid winne. It is altyd sa, dat it oars fielt as tsjin oare klups, mar dat ha ik ek as wy no mei De Graafschap tsjin Hearrenfean spylje, dat is moai, ik bin in jonge hjir út it Noarden. Tsjin Hearrenfean fyn ik ek leuk, dêr sitte allegear freonen fan my op de tribune. It binne spesjale wedstriden."

Tariedings takom seizoen

De Jong hat noch gjin petearen hân mei de spilers fan Cambuur oer takom seizoen. "Dat heart ek net sa nei René Hake, dy moat gewoan frijút wurkje kinne, ek omdat Cambuur útsicht hie op de neikompetysje. Dat heart ek út respekt nei Hake en de klup."

"Mar dêr bûtenom binne wy der wol mei dwaande. Wy hawwe al moai wat dingen stean, mar dat komt noch net nei bûten. Dit moat earst klear wêze. Dat doch ik op in dei dat ik frij haw mei de minsken fan Cambuur."

De earste play-off wedstriid is snein 19 maaie om 20:00 oere yn Ljouwert. Takom wike woansdei 22 maaie is de return, dan yn Doetinchem, ek om 20:45 oere. Beide wedstriden binne live te folgjen op Omrop Fryslân, kommentaar is fan Andor Faber en Geert van Tuinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)