Kollum: "Elektryske step"

16 maaie 2019 - 09:48

"Lit ik, as korrespondint Amsterdam, ien ding hiel dúdlik meitsje: Zandvoort is foar in evenemint as de Formule 1 kompleet ûngeskikt. Tiisdei makke Heineken bekend dat de Formule 1 weromkomt yn Nederlân, en dat de earste race pland stiet foar maaie 2020. Wêrom't Heineken dat bekendmakke is in riedsel, want ik kin my hast gjin minnere sponsor betinke foar in autorace as in alkoholprodusint, mar goed, dit hiele ferhaal is al ien grut riedsel.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It folgjende riedseleftige oan it ferhaal is nammentlik dat se dy minsken dêr mei de trein krije wolle. Dus minsken dy't 200 euro oan in kaartsje útjûn hawwe foar in AUTO-race, dy wolle se yn in trein krije. Dat sil net barre. Fun fact: fan it stasjon fan Zandvoort ôf is it noch oardel kilometer rinnen, en rinne is ek net eat dat autoleafhawwers no echt hiel graach dogge.

It probleem is dat it ûnmooglik is om tsientûzenen auto's by it sirkwy yn Zandvoort te krijen. Dat ferkear moat troch Haarlem of Heemstede, en dan fan de A4 en de A9 ôf oer in web fan provinsjale diken, dy't fol steane mei ferkearsljochten en minyrotonden. Je kinne der mar fan ien kant komme, want it sirkwy leit echt rjocht oan see: hast de bûlevaar tusken Zandvoort en Bloemendaal, mei oan 'e iene kant it strân en de see, en oan 'e oare kant de dunen en it sirkwy. En dy dyk hat in soad parkearplakken, mar al dat ferkear moat wol oer dy iene dyk. En ik kin út eigen ûnderfining fertelle dat mei in bytsje moai waar it dêr folslein fêst stiet mei strângongers.

Punt is: op it strân komst net gau te let. Fansels is oardel oere file net it soarte fan fertraging dêr'tst op sitst te wachtsjen ast der even lekker út wolst, mar it is al wat oars ast nei in race wolst dy't op in bepaald stuit begjint. En wêr'tst boppedat 200 euro foar betelle hast.

Soms tink ik by dingen dy't al lang hiel gewoan binne fan: as we se no betinke soene, hiene we it dan wer op deselde manier dien. Schiphol, de stavering fan Gorinchem, Swarte Pyt, de toer fan Bonnema, gaswinning, Drachten, nep-Italiaanske kofjemasines. En wat wis ek yn dat rychje heart is de lokaasje fan in racesirkwy yn ien fan de meast skitterjende natuergebieten fan Nederlân, de dunen fan Zandvoort.

Ik kin it echt oanriede foar in kuier, of besjoch it mar ris op Google Maps, it is wier net te leauwen. Asoft der in gemysk yndustryterrein op 'e Boskplaat stiet. En dêr wurdt dan foar ien race 25.000 liter brânstof ferstookt en 400 bannen nei de gallemizen riden; rubber en reek dat efter bliuwt yn dy skitterjende dunen. Amsterdam wol alle benzine- en diselauto's ferbiede, mar tweintich kilometer fierderop wurdt in autorace hâlden.

Mar goed, ik bin sa'n klotekollumnist dy't allinnich mar yn problemen tinkt. Sa ien dy't minsken no nea ris wat lol gunt. Dy't troch de dunen rinne wol en de see rûke wol, yn stee fan in mayonêze-rubber-urine-mjuks. Sa'n swartkiker dy't tradysjes ôfpakke wol. Sa'n soere sjoernalist dy't it 5 miljoen euro foar in natuerbrêge by Bloemendaal wol okee fynt, wylst sa'n bedrach der grif wer net ôf kin foar in aardige dei mei asfalt, tyfusherje en files. Wa wol no net sjen nei hurdridende miljonêrs, en hat it der net foar oer om dêrhinne te gean mei in gemiddelde snelheid fan trije kilometer de oere.

Earder Formule 1-koereur Jan Lammers ûnderkent it logistike probleem, en sei by de presintaasje 'Mensen moeten slim reizen, desnoods met een elektrische step'. Formule 1 yn Zandvoort. De Jeremy Clarkson yn mei seit: dit wurdt de 'grutste grap in the world'."

(advertinsje)