FIDEO: Brânwacht opskrikt troch eksploazje yn baarnende shovel

In ûntploffing yn in baarnende shovel hat foar spektakulêre bylden soarge. De shovel baarnde tongersdeitemoarn út op de Trekwei by Sibrandahûs. By oankomst fan de brânwacht sloegen de flammen der al út. Se wienen drok dwaande it fjoer út te meitsjen, doe't der ynienen in grutte eksploazje ûntstie.
Shovel baarnt út by Sibrandahûs
Nettsjinsteande de skrik, gie de brânwacht gewoan troch mei it bestriden fan de brân. It fjoer koe útmakke wurde, mar de shovel wie net mear te rêden.
It fehikel stie parkearre yn in stik greide. De reek dy't frijkaam by de brân, wie yn de wide omkriten te sjen. By de wurksumheden fan de brânwacht sette de plysje de dyk ôf. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.