Keunstner Zoltin Peeter (76) út Hallum ferstoarn

16 maaie 2019 - 07:00

Keunstner Zoltin Peeter is woansdei ferstoarn. Hy wenne op in pleats yn Hallum en wie lanlik bekend as keunstner. Han Steenbruggen, direkteur fan Museum Belvédère, seit oer syn keunst: 'Hoekig en weerbarstig. Maar als je je eraan overgeeft, ontdek je werelden. Zoltin Peeter heeft een heel persoonlijke beeldtaal met abstracte vormen, lijnen en leegte. Hij werkte hard, was altijd bezig met zijn ontwikkeling.'

Zoltin Peeter waard berne as Peter Zwier yn 1942 yn Amsterdam. Syn heit wie keunstskilder Dick Zwier, mar omdat Peter net bekend wurde woe as 'de soan fan' betocht hy in eigen namme. Yn de jierren 70 kaam hy nei Fryslân, doe't er in plak socht mei romte en stilte. De earste tsien jier hat er yn Eastrum wenne, dêrnei ferhuze er nei Hallum, dêr't er 33 jier wenne hat.

Wurk fan Zoltin Peeter by him thús - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Museumdirekteur Han Steenbruggen oer Zoltin Peeter

Jong sukses

Zoltin Peeter hie al jong sukses. Doe't er begjinnend keunstner yn Amsterdam wie, kocht it Stedelijk Museum in pear etsen fan him. Al gau dêrnei krige hy in tentoanstelling yn it Groninger Museum. Thom Mercuur wie yn de jierren 70 direkteur fan in Coopmanshûs yn Frjentsjer en helle Zoltin Peeter nei Fryslân.

De keunstner waard faak ynspirearre troch wat hy tsjinkaam op syn reizen. De lêste jierren gie er meastal nei Noarwegen en Yslân. Dêr makke hy tekeningen, krabbels en oantekings yn lytse sketsboekjes. Dy naam hy mei werom nei Fryslân, om dêr yn alle rêst fierder oan te wurkjen.

Yn 2010 krige hy de Gerrit Bennerpriis, de belangrykste priis foar byldzjende keunst yn Fryslân.

Zoltin Peeter en syn sketsboek - Foto: Petra Moerman

Yn jannewaris fan dit jier krige Zoltin Peeter it berjocht dat er ûngenêslik siik wie. Hy woe it medyske trajekt fan behannelingen net trochmeitsje en keas derfoar op in selskeazen momint út it libben te stappen. Op woansdei 15 maaie is Zoltin Peeter ferstoarn. Hy hie gjin partner en bern. Syn neilittenskip giet oer nei in stichting dy't jonge talintfolle keunstners stypje sil.

Wurk fan Zoltin Peeter is op dit stuit te sjen yn ien fan de kabinetten fan Museum Belvédère op it Hearrenfean. Takom jier sille tekeningen fan Zoltin Peeter eksposearre wurde yn it gebou Obe. Letter komt der ek noch in grutte oersichtstentoanstelling yn Museum Belvédère.

Wurk fan Zoltin Peeter yn Museum Belvédère - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(advertinsje)