Cees Roozemond oer ferlies tv-jild: "Gaat niet ten koste van spelersbudget"

16 maaie 2019 - 06:19

It ferlies fan tv-jild fan hast in miljoen euro giet net ten koste fan it spilersbudzjet. Dat seit SC Hearrenfean-foarsitter Cees Roozemond nei de nederlaach fan woansdei tsjin FC Utrecht (3-1), wêrtroch't Hearrenfean as alfde einige. It telefyzjejild wurdt ferdield troch in ranglist oer de lêste tsien jier. Op dy ranglist is de FC Grins Hearrenfean no passearre. It giet om in bedrach fan 800.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân

"Dit is wel even flink balen. Die 800.000 euro cash gaan we zeker missen. Ook omdat we een flink operationeel tekort hebben." Dochs seit Roozemond dat it gjin konsekwinsjes hat foar it jild dat Hearrenfean útjaan kin oan spilers.

"Het spelersbudget is reeds vast gesteld. Daar verandert niks aan. Daardoor moeten we wel op een andere manier geld genereren of besparen. Je kunt dan denken aan het wagenpark of de horeca-inkomsten."

Sponsoring

Ek op it gebiet fan sponsoring is der neffens Roozemond in soad helber. "We zijn momenteel met een aantal sponsorcontracten bezig die zeer interessant zijn. We moeten er echt voor zorgen dat we meer sponsorinkomsten gaan genereren en ook meer inkomsten via kaartverkoop krijgen."

Neffens Roozemond moat der ek besunige wurde. "Er is nog wel een aantal posten waar we op kunnen besparen. Daar valt wel wat te winnen. Dan heb ik het over zo'n 400.000 tot 450.000 euro. Als we daar wat zorgvuldiger mee om gaan." Hoefolle it spilersbudzjet dan folgjend jier wurdt, wol Roozemond net sizze.

Kritysk

"Dat zou niet verstandig zijn. Gerry (Hamstra, technysk manager, red.) gaat daar nu mee aan de slag. Hij weet wat de mogelijkheden zijn. Wij zijn altijd creatief geweest in het zoeken van spelers en dat moeten we nu weer laten zien." Roozemond is wol kritysk oer de prestaasje fan dit seizoen.

"Je moet wel duidelijk zijn, we hebben afgelopen seizoen substantieel meer uitgegeven dan het seizoen daarvoor en dat heeft niet het rendement opgeleverd wat we nodig hadden. Ook daar moet je duidelijk in zijn, dat is spijtig. Maar dat zegt ook dat meer geld geen garantie is voor succes."

(advertinsje)
(advertinsje)