Drachtster squashers rinne lânskampioenskip mis op lêste spyldei

De squashers fan Centre Squash Drachten binne woansdeitejûn op de lêste spyldei fan de earedifyzje it lânskampioenskip misrûn. De Fryske ploech wie yn eigen hûs wol mei 12-0 te sterk foar Twente Squash Hellendoorn.
© Facebook, Centre Squash Drachten
Om kampioen te wurden hie Drachten in nederlaach nedich fan de nûmer 1 Victoria Rotterdam. Sy wûnen de thúswedstriid tsjin hikkesluter Squash Utrecht lykwols mei 12-0 en giene der dus mei de skaal fantroch.