Automatysk bouwen bot yn opkomst, tiid fan stiennen opinoar mitseljen foarby

De automatisearring yn de bou nimt in hieltyd gruttere flecht, foaral by de huzebou. It âlde stiennesteapeljen giet derút. Fan it ûntwerp op 'e komputer oant de oplevering, by hieltyd mear bouwers giet it automatysk, lykas bygelyks by in projekt fan boubedriuw Dijkstra Draisma yn Hurdegaryp.
Automatysk bouwen nimt grutte flecht

Hûs yninoar set yn ien dei

De huzen wurde op 'e kompjûter ûntwurpen en firtueel test. Dêrnei wurde se yn it fabryk yn dielen makke en nei it bouplak brocht. Op de boulokaasje wurdt in hûs yn ien dei ynelkoar set. Yn Hurdegaryp bout Dijkstra Draisma achttjin huzen foar wenningboukorporaasje WoonFriesland. As alles goed giet, is it yn achttjin dagen tiid klear, ynklusyf keuken, badkeamer, de meterkast en it húske. Dêrnei kin fuortendaliks begûn wurde mei de ynrjochting.

Uterlik kin oanpast wurde

WoonFriesland set deselde huzen yn de takomst ek op 'e Harkema, op Flylân en Skier, yn Snits en yn Britsum del. Mar dat betsjut net dat se der oeral itselde útsjogge. It uterlik kin hielendal nei winsk fan de opdrachtjouwer oanklaaid wurde.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It rappe boutempo soarget foar legere huzeprizen, as der mar genôch boud wurde. En dat is geunstich foar de ôfnimmer en de hierders. It projekt yn Hurdegaryp is boppedat folslein enerzjyneutraal en hast hielendal sirkulêr. Dat betsjut dat de materialen yn 'e takomst, as de huzen wer ôfbrutsen wurde, op 'e nij brûkt wurde kinne.

Bouwen fan de takomst

Neffens Douwe Arjen van der Schaaf, projektorganisator fan Dijkstra Draisma betsjut de automatisearring net dat der minder boufakkers nedich binne. Hoewol't hieltyd mear wurk troch robots dien wurdt, nimt it tal wurknimmers fan it bedriuw allinnich mar ta, omdat der folle mear huzen boud wurde yn koartere tiid. Wol is wurk fan de boufakkers folslein oars as yn it ferline. Se sette de huzen ynelkoar en wurkje se ôf. Neffens Van der Schaaf is dy wize fan bouwen it bouwen fan 'e takomst.