SC Hearrenfean ûnderút tsjin FC Utrecht yn lêste wedstriid fan it seizoen

15 maaie 2019 - 21:23

It earedifyzjeseizoen is foar SC Hearrenfean einige mei in nederlaach. Op besite by FC Utrecht waard mei 3-1 ferlern. Ben Rienstra makke de iennige treffer foar de Fryske ploech.

Michel Vlap oan de bal tsjin FC Utrecht - Foto: OrangePictures

De earste grutte kâns fan de wedstriid wie foar de thúsploech. Gyrano Kerk passearre Kik Pierie en joech de bal foar de goal. Oanfaller Cyriel Dessers koe de bal lykwols net tusken de peallen krije. Yn de tsiende minút wie SC Hearrenfean foar it earst tichtby de iepeningstreffer. Michel Vlap joech nei in fraaie aksje de bal oan Mitchell van Bergen, dy't op 'e goal skeat. Doelman David Jensen kearde de bal, wêrnei't Sam Lammers yn de rebound fan tichtby neist skeat.

Iepeningstreffer fan Rienstra

It earste doelpunt fan de wedstriid kaam úteinlik nei hast in healoere spyljen. Ben Rienstra sette in oanfal op en kopte de bal úteinlik, nei in foarset fan Van Bergen, sels behearske foarby keeper Jensen. Lang duorre dy foarsprong net, want tsien minuten letter makke FC Utrecht alwer gelyk. Ut in corner fan Simon Gustafson kopte Willem Janssen yn it doel.

Op slach fan rêst wie Kerk noch tichtby in treffer. Ferdigener Daniël Høegh krige de bal net goed fuort en de bal bedarre foar de fuotten fan de oanfaller fan Utrecht. Hy skeat op doelman Warner Hahn, dy't de bal fuortbokste. Yn de rebound wie it op 'e nij Kerk mei in skot, mar syn ynset waard fan de line helle troch Lucas Woudenberg.

Lêste wedstriid Pierie

Pierie bleau nei it skoft yn de klaaikeamer. De jonge ferdigener waard troch trainer Johnny Jansen ferfongen troch Ibrahim Dresevic. Dêrmei kaam in ein oan de lêste wedstriid fan Pierie yn in shirt fan SC Hearrenfean. Hy makket yn de simmer de oerstap nei lânskampioen Ajax.

FC Utrecht kaam yn de twadde helte direkt goed út de startblokken. Ald-Cambuurspiler Sander van de Streek brocht nei trije minuten yn de twadde helte de stân op 2-1 mei in skot fan grutte ôfstân. Trije minuten letter kaam Dessers each yn each te stean mei Hahn, mar de keeper fan de Fryske ploech kaam as winner út de striid.

De úteinlike beslissing fan de wedstriid foel yn de 81e minút. Dessers krige de bal yn it strafskopsgebiet fan Hearrenfean, bleau izich kalm en skeat de bal foarby doelman Warner Hahn: 3-1.

Alfde plak

Troch it ferlies yn de Galgenwaard einiget SC Hearrenfean úteinlik mei 41 punten op it alfde plak yn de earedifyzje. De Friezen hawwe likefolle punten as de nûmer tolve VVV-Venlo, mar mei in better doelsaldo. Willem II einiget mei trije punten mear as SC Hearrenfean op it tsiende plak.

FC Utrecht - SC Hearrenfean 3-1 (1-1) 30. Ben Rienstra 0-1, 41. Willem Janssen 1-1, 48. Sander van de Streek 2-1, 81. Cyriel Dessers 3-1.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Schmidt, Høegh (68. Johnsen), Pierie (46. Dresevic), Woudenberg; Rienstra , Kobayashi (81. Thorsby), Van Amersfoort; Van Bergen, Lammers, Vlap.

(advertinsje)