SC Cambuur moetet Henk de Jong en De Graafschap yn play-offs

15 maaie 2019 - 21:22

SC Cambuur spilet yn de twadde ronde fan de play-offs tsjin De Graafschap. By dy klup is Henk de Jong coach en Sandor van der Heide assistint-trainer. Dat is woansdeitejûn dúdlik wurden nei de lêste wedstriden yn de earedifyzje.

De Graafschap spile tsjin Ajax en ferlear mei 4-1. Dêrtroch einigje de Doetinchemmers op it santjinde plak en wurde se de tsjinstanner fan Cambuur. Ajax is troch de oerwinning tsjin de Superboeren lânskampioen fan Nederlân wurden. As De Graafschap winne soe en konkurrint Excelsior soe punten lizze litte, dan wiene de Rotterdammers de tsjinstanner wurden fan Cambuur. Mar dat is dus net it gefal.

De earste wedstriid fan de twadde ronde wurdt sneintejûn om 20.00 oere spile yn it Cambuurstadion. Op woansdei 22 maaie is de return op De Vijverberg yn Doetinchem. Dy wedstriid set om 20.45 oere útein.

Sandor van der Heide en Henk de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)