Taalstrider Bertus Jans Postma fan Bitgummole beneamd ta earelid Jongfryske Mienskip

15 maaie 2019 - 21:00

Taalstrider Bertus Jans Postma (89) fan Bitgummole is woansdeitejûn op It Hearrenfean útroppen ta earelid fan de Jongfryske Mienskip. Kommissaris fan de Kening Arno Brok spjelde Postma de Jongfryske earespjelde op en spruts by dy gelegenheid wurdearjende wurden foar de 'kriich' fan it earelid.

Fryske plaknammen

Postma is benammen bekend fan de striid foar de Fryske plaknammen en de Fryske wetternammen. "It is oan jo te tankjen dat it steatejacht no oer de Snitser Mar fart, ek as ús gasten de oare rykstaal sprekke", sei Brok tsjin Postma.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Waadhoeke moat ek oergean op Frysk en Biltsk

Taalstrider Postma is noch net klear mei syn wurk. De man is fan betinken dat de fúzjegemeente Waadhoeke der net ûnderút komt om, lykas de eardere gemeente Menameradiel, de Nederlânsktalige plaknammen yn dy gemeente te ferfryskjen en dy yn de eardere gemeente It Bilt offisjeel yn it Biltsk fêst te stellen.

Postma is der fan oertsjûge dat dat wol klearkomme sil. "Sjoch, de Feriene Naasjes hawwe dit jier útroppen ta 'jier fan de minderheidstalen'. As sy dat tige wichtich fine, sil de ried fan de Waadhoeke dêr grif mei ynstimme."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Kommissaris Brok sil dy diskusje as ynwenner fan Waadhoeke mei belangstelling folgje. "As kommissaris bin ik fansels neutraal, mar ik advisearje de ried wol om goed nei de arguminten fan Postma te harkjen."

Postma is op dit stuit it iennige earelid fan de Jongfryske Mienskip.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De Jongfryske Mienskip (JFM) waard oprjochte op 20 novimber 1915 troch Douwe Kalma. De feriening set him yn foar de lykberjochting fan it Fryske folk. De Jongfryske Mienskip is as feriening finansjeel selsstannich en dus net ôfhinklik fan subsydzjes. Op it stuit hat de feriening sa'n santich leden.

Harkje nei Bertus Jans Postma en nei kommissaris Brok

(advertinsje)