Postma sjocht konkurrint foar olympyske kwalifikaasje yn Finnklasse fierder útrinnen

15 maaie 2019 - 20:38

Pieter-Jan Postma hat woansdei op it iepen EK yn Atene gjin goede saken dien. De siler út Terkaple seach syn konkurrint foar olympyske kwalifikaasje, Nicholas Heiner, fierder útrinnen. Postma kaam binnen as 15e en 43e. Dêrmei sakke er fan de tsiende nei de fjirtjinde posysje yn it algemien klassemint, mei in efterstân fan 13 punten op Heiner.

Foto: Pedro Martinez/Sailing Energy

Heiner ynkassearre yn de earste deirace noch wol in diskwalifikaasje, mar dy koe er as minste resultaat fuortstreekje. Mei it fiifde plak kaam Heiner dêrnei goed werom. Nei fiif races stiet er noch hieltyd op it njoggende plak mei in puntetotaal fan 46.

De twa Nederlânske silers wolle allebeide in ticket foar de Olympyske Spelen fan Tokio 2020 berikke. Nei it EK yn Atene is de ynterne seleksjestriid foarby. Yn it ûnderlinge klassemint giet Heiner, tank syn fiifde plak by it earste seleksje-evenemint fan ôfrûne moanne yn Palma de Mallorca, mei in flinke foarsprong oan de lieding. Postma kaam by de Prinses Sofia Cup net fierder as it 20e plak.

De Brit Giles Scott giet yn Atene oan de lieding mei acht punten.

(advertinsje)