Kantoar útstjoerorganisaasje oan de Ljouwerter Skrâns wurdt skoalgebou

15 maaie 2019 - 19:32

Kristlike skoallemienskip Comenius is drok dwaande mei de tarieding foar in nije dependânse foar de lokaasje Mariënburg. It giet om it eardere kantoar fan in útstjoerburo oan de Skrâns yn Ljouwert.

CSG Comenius - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mei yngong fan it nije skoaljier wurde de learlingen fan ateneum 5 en 6 yn de dependânse ûnderbrocht.

"Wij vinden het belangrijk om onze leerlingen duurzaam een veilige, stimulerende en inspirerende leeromgeving te bieden en hebben daarom dit besluit genomen", skriuwt de skoalle yn in e-mail oan de âlden fan de learlingen. Comenius hat al in tal jierren te krijen mei in tanimmend tal nije learlingen.

Omdat ateneum 5 en 6 learlingen tichtby de oergong nei it wittenskiplik ûnderwiis sitte, kriget de dependânse de namme 'Mariënburg Academie'

(advertinsje)