FIDEO: IepenUP oer Karl Marx

15 maaie 2019 - 19:30

Wat soe Karl Marx fûn hawwe fan de wize wêrop't wy hjoed-de-dei libje? En soenen wy yn ús demokratyske maatskippij noch wat fan him leare kinne? Dizze fragen wurde woansdei bepraat yn IepenUP Live.

Marx is foar in soad minsken in bekende namme út de skiednisboeken. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it kommunisme. Syn wurken, wêrûnder It Kommunistysk Manifest en It Kapitaal, binne wrâldferneamd.

Yn de útstjoering fan woansdei krije jongeren in minykolleezje oer Marx. Sy sille yn diskusje mei Marx-kenners, filosofen, sjoernalisten en ôffeardigen fan politike organisaasjes. Wat betsjut Marx syn filosofy? Soe er, as er no libbe hie, deselde foarsizzingen dien hawwe? En miskien wol wichtiger: is de skiednis ferrûn sa't hy tocht en wat sjogge wy dêr noch fan werom?

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn iepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein (dit kear dus om 15.00 oere) en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer iepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP live Karl Marx
(advertinsje)