Streekferfier ek plat op grutte staking iepenbier ferfier

15 maaie 2019 - 18:28

It streekferfier docht ek mei oan de grutte staking yn it iepenbier ferfier op tiisdei 28 maaie. Dat meldt fakbûn FNV. Ynset fan de staking is in goed pensjoen. Yn Fryslân en de rest fan Nederlân, op twa provinsjes nei, sil op dy dei gjin bus of trein ride. Dy twa oare provinsjes binne Gelderlân en Utrecht.

Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

29 maaie ek staking

Yn de oare sektoaren dogge de fakbûnen in oprop oan alle wurkjenden om in dei letter, dus op 29 maaie te staken. Dy dei roppe se út ta 'pensjoenaksjedei'.

Easken

De bûnen hawwe trije doelen steld mei de staking. De AOW-leeftiid net fierder ferheegje en de boete op earder ophâlden mei wurkjen skrasse. Dan kinne minsken mei swier wurk en yn ploegetsjinsten sûn harren pensjoen helje, skriuwt FNV. Fierders wolle se foar elke generaasje in pensjoen dat mei omheechgiet mei de prizen, de saneamde yndeksaasje, en dat de negative gefolgen fan de oergong nei in nij pensioenstelsel opfongen wurde. Ek foar selsstannigen en minsken mei in ûnwis kontrakt.

Stakingsdei 18 maart ôfbrutsen fanwege 'Utrecht'

Op 18 maart wie der ek in aksjedei foar pensjoenen. Dêr kamen 40.000 minsken op ôf. Doe waard der ek al staakt yn de bou en de metaal. Op dy 18e maart leine de wurknimmers fan it NS en it stedsferfier it wurk foar 66 minuten del. Dy aksjedei waard ôfbrutsen fanwege it skriklike barren yn Utrecht doe't in man yn in tram minsken deade.

(advertinsje)