Te ferkeapjen terrein fan hûneklups yn De Tynje blykt smoarge grûn te wêzen

15 maaie 2019 - 17:45

Yn maart die bliken dat de provinsje it trainingsfjild fan twa hûnesportferieningen oan de Hanebuert yn De Tynje ferkeapje woe as lânbougrûn. De kwestje krijt no in ûnferwacht ferfolch: de grûn soe nammentlik fersmoarge wêze. De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de ferkeap.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De grûn oan de Hanebuert dy't de hûnesportklups brûke, wie earder in slykdepot. De grûn soe fersmoarge wêze en dêrom set de Steatefraksje fan de FNP fraachtekens by de ferkeap. De FNP-fraksje freget him ôf oft de provinsje de fersmoarge boaiem sûnder foarôfgeande sanearring samar oanbiede kin as lânbougrûn.

Dêrnjonken wol de FNP witte oft it kolleezje fan Deputearre Steaten de hûnesportferieningen noch yn 'e mjitte komme wol as brûkers fan it terrein.

Petysje fan de hûneklups

Op 8 maaie stjoerden hûneklups De Doordouwers fan De Tynje en De Vluchtsprong fan Jobbegea in petysje oan Provinsjale Steaten. De ferieningen brûke it terrein al 24 jier, mar as it ferkocht wurdt troch de provinsje as eigener, soe it oefenterrein foar de klups ferdwine.

De provinsje is dwaande mei in operaasje om 'ûneigentlik brûken' fan provinsjale grûn tsjin te gean. Dêr soe de kwestje mei de hûnesportferieningen nei alle gedachten ûnderdiel fan wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)