Iepenloftspul Aldegea: De Riedselman

15 maaie 2019 - 16:54

"Tinkst dat hy ús heart?""Ik wit it net.""It is wat, he? We wurde hieltyd âlder, mar je freegje je soms ôf oft dit it allegearre wurdich is." Twa ferpleechsters steane elk oan ien kant fan in man yn in rolstoel. Hy hat in grien mei brune keamerjas oan en moat sawat 80 jier âld wêze. De man seit neat mear en sjocht glêzich foar him út. It is Hattum Alleman, oftewol; De Riedselman. Wat soe der yn him omgean?

Troch: Johanna Brinkman

De ferpleechsters litte Alleman allinnich. It duorret net lang foar't hy omheech komt út syn rôlstoel. Hy docht syn keamerjas út en transformearret yn de man dy't hy eartiids wie. It is in dei yn 1808 en Hattum Alleman junior beslút alles achter him te litten en op reis te gean. Alleman sil op syk nei de noardersinne, nei frijheid en aventoer. En op syn reis komt hy op in seker momint yn Aldegea telâne. Hy wurdt troch de measte minsken bliid ûntfongen, mar in oantal fine it neat. Se fiele harren bedrige troch dy frjemde man, mei syn ferhalen en riedsels. Wurkje dizze minsken him it doarp út of akseptearje se him sa as hy is?

Foto: Omrop Fryslan

De Riedselman spilet him ôf yn 1800. Dat is te sjen oan de klean en in pear rekwisiten, sa as sels makke velocipede; in fyts mei in grut tsjil foar en in lyts tsjil achter. En de broer fan Napoleon is te sjen. Mar it stik makket ek de keppeling mei de tiid fan no. In tiid wêryn't wy neffens regisseur Brecht Wassenaar "mei in iepen hâlding nei minsken sjen moatte en in gefoel fan wolkom jaan ek al hawwe se oare ideeën." De Riedselman, spile troch Bennie Post, is mei syn riedsels sa'n man mei oare ideeën. De skoansoan fan de Grytman, spile troch Bartele de Boer, sjocht dêrom earst de kat út de beam. En as hy tinkt dat de Riedselman syn oansteande fan him ôfpakke wol, giet it mis.

Ik hoopje dat de minsken eefkes oars sjogge nei harren buorlju, in iepenere blik hawwe om harren hinne.

Brecht Wassenaar, regisseur

Brecht Wassenaar hopet dat it gefoel fan net te rap oardielje en begryp hawwe foar hoe't in oar yn it libben stiet, by it publyk hingjen bliuwt. "Ik hoopje dat de minsken eefkes oars sjogge nei harren buorlju, in iepenere blik hawwe om harren hinne."

Se fynt it geweldich om dit stik te regissearjen. "Jong, âld, dûns, muzyk en in superentûsjaste groep. It hiele doarp docht mei, se hawwe alles sels regele en geane der hielendal foar. Dat is hiel noflik."

Noch in pear dagen foar de premjêre úteinset wurdt der noch drok oefene yn Aldegea. It is it earste iepenloftspul fan dit jier en foar sawat alle jûnen binne de kaarten útferkocht. Hoe't dat kin? It is it earste iepenloftspul fan Aldegea yn 10 jier én minsken wolle der graach wer op út.

Brecht fielt gjin druk. "As earste in iepenloftspul opfiere helpt just om de druk fan de tsjettel te hâlden, want it publyk hat noch gjin ferwachtingen. Je kinne dus mei in skjinne laai it seizoen begjinne".

Bennie Post en Bartele de Boer fine it ek geweldich om yn it stik te spyljen. "It is in hiele happening, ien grut feest. Safolle minsken út it doarp en omkriten wurkje der oan mei. Dêr dogge je it foar en om it publyk fansels te fermeitsjen. Dat is it moaiste dat der is."

Spyldata

  • Freed 17 maaie
  • Sneon 18 maaie
  • Freed 24 maaie
  • Sneon 25 maaie

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikelen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)