Deade man yn boat Ljouwert net troch misdriuw om it libben kaam

15 maaie 2019 - 16:49

De deade man dy't tiisdei yn in boat by de Snekertrekwei fûn waard, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De identiteit fan de man is fêststeld en de famylje is op 'e hichte brocht. Oer de deadsoarsaak fan de man is neat bekend.

(advertinsje)