Fierljepmuseum Noardburgum giet hast iepen, besikers kinne sels ek ljeppe

15 maaie 2019 - 16:45

Der is al in keatsmuseum en in skûtsjemuseum, mar in fierljepmuseum wie der noch net. Dêr komt ynkoarten feroaring yn. Op 14 juny giet yn Noardburgum it nagelnije Fierljepmuseum iepen. It is in inisjatyf fan fierljepper Hannes Scherjon. It museum is in útwreiding fan Scherjon syn famyljebedriuw: de klompmakkerij en it klompmuseum.

Begûn by it aaisykjen

It museum lit de skiednis sjen fan de fierljepperij. "It is begûn as sleatsjespringen by it ljipaaisykjen", fertelt Scherjon. De ûntwikkeling nei in profesjonele sport komt ek oan 'e oarder yn it museum. "Fan it mjitten mei in houten stôk en mei mjitlinten nei it digitaal mjitten. En it materiaal wêrmei't wy springe: fan hout en aluminium nei karbon."

Sels ek ljeppe

Minsken kinne op it museumterrein sels ek in sprong weagje. "We hawwe in wetterlabyrint fan sleatsjes dêr't minsken sels mei in polsstôk oerhinne springe kinne." Op it terrein binne trije springskânsen. Groepen kinne dêr workshops krije. Scherjon hopet dat it in oefenplak wurdt foar de jongerein út it doarp. "It kin in moaie springplanke wêze nei de skâns yn Burgum."

It museum wol graach gearwurkje mei de fierljepferiening yn Burgum troch bygelyks arranzjeminten oan te bieden mei in besite oan it museum en oan in wedstriid yn Burgum.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei inisjatyfnimmer fan it Fierljepmuseum Hannes Scherjon

(advertinsje)
(advertinsje)