Niek Boer: "Een van mijn kaarten is geretweet door Maurice de Hond"

'Eala Frya Fresena'. Dat seit de measte minsken nei alle gedachten neat, mar Niek Boer (24) fan De Lemmer hat in Twitter-akkount mei dy namme dy't nei de âlde Fryske seelannen ferwiist. Op syn akkount publisearret er statistiken oer it stimgedrach yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Ostfriesland. Net foar elke gemeente of provinsje, mar útsplitst nei doarp of buert.
© Merijn Huizenga/OOG TV
"Het is eigenlijk begonnen met een kaart van Fryslân, Groningen en gebieden van Ostfriesland," sa begjint Boer te fertellen. "Ik heb toen eerst de uitslagen van de Duitse Bondsdagverkiezingen en de Tweede Kamerverkiezingen van 2017 in kaart gebracht. Na de Provinciale Statenverkiezingen besloot ik die online te zetten."
Boer makket kaarten foar elke provinsje, gemeente, gebiet, partij en sels foar elke politike streaming. Syn kaarten jouwe in bûnt palet oan kleuren.

Utslaggen útsplitst nei doarp

Bysûnder is dat Boer de sifers foar elk doarp jout, en yn stêden sels foar elke wyk of buert. Dat is in soad wurk. Alle stimburo's moatte ien foar ien yndield wurde. Op bekende kaarten is dat faak net it gefal en wurde doarpen mei tige útinoar rinnende útslaggen op ien bulte smiten. Dat jout faak in fertekene byld.
De reaksjes dy't Boer kriget, komme foaral fan gemeenteriedsleden en Steateleden. "Een van de kaartjes is ook geretweet door Maurice de Hond. En ik word gevolgd door Lodewijk Asscher. Dat is wel heel erg leuk."
Ek elektoraal geograaf Josse de Voogd, dy't faak foar de NOS by de Nederlânske ferkiezings útlis jout, binne de tweets fan Boer opfallen. De Voogd neamt as profesjonal de kaarten fan de studint út De Lemmer 'topwerk!'

Ferrassingen

Boer syn wurk falt dus wol op. Ek foar himsels falle guon útslaggen op. "Het CDA doet het heel goed in Fryslân ten opzichte van Groningen en Drenthe. GroenLinks doet het vaak goed in Groningen, maar ook in Leeuwarden en Assen."
"Daarnaast doen PVV en Forum voor Democratie het goed in Achtkarspelen. Vooral in dorpen als Harkema, Twijzel, Twijzelerheide en Zwaagwesteinde. Aan de andere kant van de provincie, in Gaasterland, doet de FNP het weer heel goed. Ik vermoed dat dat komt door de zandwinning." Op dy wize roppe de kaarten sels wer nijsgjirrige fragen op.

Europeeske ferkiezings

No't de Europeekse ferkiezings foar de doar stean, is it fansels de fraach oft Boer trochgiet mei it yn kaart bringen fan de stimstatistiken.
Boer: "Dat ben ik wel van plan, maar ik ben afhankelijk van de gemeentes, of die de data online zetten. Bij de Provinciale Statenverkiezingen had de Volkskrant het ook uitgezocht. De krant had een grote database gepubliceerd, waar ik alle informatie uit kon halen. Dat was heel fijn. Ik hoop dat ze dat met de Europese Parlementsverkiezingen ook gaan doen."
Mar wat 'Eala Frya Fresena' no krekt betsjut? "Dat is een motto vanuit de Friese geschiedenis. Het betekent: 'Sta op, vrije Friezen'."
'Eala Frya Fresena' wurdt faak ferkeard fertaald as: 'wees gegroet, vrije Friezen'. It motto ferwiist nei de legindaryske 'Friese vrijheid', in rjocht om gjin inkele hearsker te akseptearjen neist de hillige Romeinske keizer en de kristlike God.