Frachtweinsjauffeurs fersoargje aanst beheinden yn Stiens

Soarchynstelling Talant en ROC Friese Poort slaan de hannen ynien mei in proef yn Stiens. Dêrmei moatte 24 sydynstreamers oplaat wurde ta begelieder yn de hendikeptesoarch. In winkelmeiwurker en in frachtweinsjauffeur moatte skielk dus beheinden fersoargje.
© Omrop Fryslân
By Talant yn Stiens binne woansdei 24 sydynstreamers úteinset mei in trajekt fan wurkjen en learen. It giet om nije meiwurkers dy't earder bygelyks yn it ûnderwiis en yn de bou dwaande wiene.
Yn sawat twa en in heal jier tiid wurde sy klearstoomd ta begelieder fan kliïnten yn de hendikeptesoarch foar dy't komplekse soarch nedich hawwe. It ûnderwiis krije de 24 sydynstreamers fan ROC Friese Poort. Sy gean dêr ien dei yn de wike nei skoalle. De oare dagen meie sy oan it wurk by Talant yn Stiens, Beetstersweach of Drachten.

Fraach nei oerstap

Talant krige de lêste tiid hieltyd faker fragen fan minsken dy't wol oerstappe woene nei de soarch. Dêrom is kontakt socht mei ROC Friese Poort om in oplieding op te setten. Yn totaal 150 minsken hawwe sollisitearre. Fan dy 150 binne 24 kandidaten oerbleaun.
It giet foarearst om in proef. As it in sukses wurdt, wolle ROC Friese Poort en Talant twa kear yn it jier úteinsette mei in nije groep.