HEA! Gek fan Dútske harders
Leafhawwers fan Dútske harders koenen sneon genietsje fan demonstraasjes mei hûnen of harren hûn medysk tsjekke litte. Ien fan de oanwêzigen is Harry Kooistra, dy't al sûnt lyts jonkje it 'Dútske hardershûn-firus' hat. Thús hienen se eartiids ek in harder. Doe't er yn dy tiid tsjin syn âlden sei dat er dermei fokke woe, sei syn mem: "Hartstikke moai, mar net hjir". Dus doe't Harry op himsels gie, wie it earste stik húsrie dat er oanskafte... in Dútske harder.