Beswieren oan kant: útwreiding bedriuweterrein yn Dronryp mei trochgean

De útwreiding fan it bedriuweterrein tusken de Strjitwei en Harnzer Trekfeart yn Dronryp mei trochgean. Dat hat de Ried fan Steat woansdei besletten. Beswieren fan omwenners binne dêrmei ôfwiisd.
© Googlemaps
It besteande bedriuweterrein leit oan de âlde Rykswei tusken Dronryp en Frjentsjer. De gemeente Waadhoeke fynt dat foar útwreiding gjin opsje. It útsjoch soe dan hielendal bedoarn wurde troch bedriuwsgebouwen. Bedriuwen soene lânskiplik goed ynpast wurde moatte.

Troch beammen omseame eilân

De útwreiding moat neffens de gemeente fierderop yn it greidelân komme, sa't in boerepleats ek midden yn it greidelân leit. De Ried fan Steat giet dêr no mei akkoart, mar hat wol as betingst dat der beammen en strûken plante wurde. Sa komt de Ried de omwenners yn 'e mjitte.
Tsjinstanners fine dat de 4 bunder oan bedriuweterrein by it besteande terrein komme moat. Lykwols, de Ried fan Steat hat oars beslist.