Fryske bern krije leger skoaladvys as lanlik trochsneed

15 maaie 2019 - 15:18

Learlingen fan basisskoallen yn Fryslân krije fan de juf of master faker in leger skoaladvys foar de middelbere skoalle as gemiddeld yn Nederlân. Dat advys wurdt ek minder faak nei boppen bysteld. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

De kommende wiken krije bern yn groep 8 de útslach fan de eintoets. Yn febrewaris hawwe sy fan de juf of master ek al in skoaladvys krigen. Benammen yn Noardeast-Fryslân komt út dy eintoets faak dat de bern mear kinne as de eigen learkrêft tocht. Yn Achtkarspelen bygelyks falt it advys fan de eintoets yn mear as de helte fan de gefallen (53%) heger út.

Minder faak oanpassing nei boppen ta

As bern heger skoare op de eintoets, moat de juf of moaster opnij nei it skoaladvys sjen. Yn oerlis mei de âlden en it bern kin it oanpast wurde. Yn Fryslân bart dat minder faak as it lanlik trochsneed. Fan de Fryske basisskoallelearlingen mei 21 persint nei oerlis dochs noch nei in skoalle mei in heger nivo. Lanlik stiet dat sifer op 23 persint.

Leger opliedingsnivo âlden

Neffens de Underwiisynspeksje kin dat betsjutte dat in part fan de bern yn Fryslân net it nivo folget dat sy oankinne. Soks soe te krijen hawwe kinne mei it legere opliedingsnivo fan de âlden. Bern fan âlden mei in lege oplieding streame faak ek troch nei in leger opliedingsnivo.

(advertinsje)
(advertinsje)