Lyts tekoart Skylge benammen troch kosten sosjaal domein en havenwurk

15 maaie 2019 - 14:52

De gemeente Skylge hat it ôfrûne jier ôfsletten mei in tekoart fan 130.000 euro. Dat komt benammen fanwegen tekoarten op it sosjaal domein en ekstra wurksumheden oan de Skylger haven. Yn ferliking mei de totale begrutting oer 2018 is it tekoart lyts: in heal persint.

Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De tekoarten op it sosjaal domyn wiene yn totaal 288.000 euro. De ekstra wurksumheden yn 'e haven hawwe de gemeente goed 220.000 euro koste. Foar dizze tekoarten hat it kolleezje in berop dien op de reserves.

Oare ôffallers wiene ekstra kosten fan 125.000 euro foar automatisearring en in ôfrekken fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing): goed 145.000 euro. Dat komt om't de gemeente mear fergunningen oanfrege hat as begrutte wie.

Meifallers

It tekoart falt benammen minder grut út fanwegen in btw-kompensaasje fan 306.000 euro. De Waadeilannen hawwe fan it ryk in kompensaasje ûntfongen foar de ynfiering fan omsetbelesting op boatkaartsjes. Njonken dy post wiene der mear opbringsten op mêden lykas de ûnreplikesaakbelesting, toeristebelesting en forinzebelesting.

De jierrekken wurdt takom tiisdei behannele yn in riedskommisje. Ein maaie beslút de gemeenteried deroer.

Trefwurden: 
Skylge begrutting finânsjes
(advertinsje)