Twadde ynbraak yn ien wike by sportakkommodaasje Boalsert

15 maaie 2019 - 14:37

Fandalen hawwe ôfrûne tiisdei yn de nacht besocht yn te brekken yn de akkommodaasje op sportpark Het Bolwerk yn Boalsert. Dat meldt kuorbalferiening Westergo út de stêd.

Foto: KV Westergo

It rút yn de doar dy't tagong jout ta it gebou, is fernield en leit der foar in grut part út. It is net foar it earst dat besocht wurdt yn te brekken yn Het Bolwerk. Earder fan 'e wike wie it ek al it gefal.

(advertinsje)
(advertinsje)