Fersterking Waadseedyk moat Flylân wer 50 jier beskermje

15 maaie 2019 - 14:16

Rykswettersteat kiest foar in fersterking fan de Waadseedyk nei see ta op Flylân. Minister Van Nieuwenhuizen hat har hantekening ûnder it plan set. Dat slút goed oan by de winsken fan omwenners, seit Rykswettersteat, De fersterking moat Flylân de kommende fyftich jier beskermje tsjin oerstreamingen.

Foto: Rijkswaterstaat

Troch it brûken fan stevigere stiennen en it oanpassen fan it talúd hoecht de seedyk net ferhege te wurden. De fersterking moat in griene útstrieling jaan. Sa wurdt der gers oanbrocht boppe-op de dyk. Oan de bûtenkant fan de dyk komt in berm mei in fyts- en kuierpaad.

Underdiel fan grutter plan

It plan is makke nei ûndersyk en yn oerlis mei omwenners en partners as gemeente Flylân, Wetterskip Fryslân en de provinsje. De 'zeewaartse versterking' is ûnderdiel fan it saneamde HWBP (Hoogwaterbeschermingsprogramma), wêrmei't Rykswettersteat mear as 1.100 kilometer oan diken en 500 slûzen en gemalen oanpakt.

It wurk oan de dyk sil nei alle gedachten yn 2021 klear wêze.

Feike Wouda fan Rykswettersteat oer de dyksfersterking Flylan

(advertinsje)
(advertinsje)