Brân yn skuorke by 't Skriuwershúske fan Geert Mak

Yn in skuorke deun achter 't Skriuwershúske yn Jorwert hat woansdeitemoarn brân west. Yn 't Skriuwershúske hat Geert Mak syn ferneamde boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd' skreaun.
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De brânwacht fan Mantgum makke de brân út en koe ek foarkomme dat it fjoer oersloech nei 't Skriuwershúske. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.