Tal Fryske autobrannen nimt ta, mar falt yn ferliking mei oare provinsjes ta

It tal skeaclaims foar autobrannen is tanaam, sa docht bliken út sifers fan it Bûn fan Fersekerders. Yn Nederlân giene hast 4.500 auto's yn flammen op, yn Fryslân wiene dat 129. It Bûn fan Fersekerders neamt it soarchlik, want de oarsaak is hast altyd minsklik hanneljen, seit wurdfierder Oscar van Elferen. "Het baart ons zorgen dat mensen met opzet auto's in brand steken."
© ANP
Yn tsien fan de tolve provinsjes is in taname fan it tal skeaclaims te sjen. Yn Fryslân falt it mei in groei fan 2 prosint noch wol wat ta yn ferliking mei bygelyks Utrecht dêr't sa'n 30 persint mear auto's útbaarnden.
Van Elferen seit dat it benammen om minsklik hanneljen giet. Der binne ferskate motiven: bygelyks fandalisme om de jierwiksel hinne, ferfeling, útwiskjen fan spoaren nei kriminele aktiviteiten en fraude mei fersekeringen.

Tips

Om foar te kommen dat der mear auto's ferbaarne, kinne eigeners de auto's it bêste op in ferljochte plak delsette, seit Van Elferen.
Van Elferen: "Omdat daders vaak 's nachts opereren. En laat niks waardevols achter in je voertuig. Verder is het de taak van de politie en gemeente om op te treden. Kijk, als er een boom op een auto valt, kun je er niks aan doen. Maar deze brandstichtingen zijn aan mensen toe te schrijven. Daar moeten we echt iets aan doen."
Wurdfierder Oscar van Elferen fan it Bûn fan Fersekerders