Twa minsken ferwûne by in brân yn Nes op it Amelân
By in wenningbrân yn Nes op it Amelân binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa minsken slim ferwûne rekke. De slachtoffers binne mei twa traumahelikopters nei de fêstewâl brocht.
De brân wie dy nacht om healwei trijen yn in hoekwente oan de Kommandeurstrjitte. De brânwacht fan Nes is foar de brân útriden en hat it fjoer útmakke.
Oer de oarsaak fan de brân falt noch neat te sizzen. Mooglik is de brân yn de berchromte ûntstien.