Boeren krije jild om fjildûlen de romte te jaan

15 maaie 2019 - 12:49

It liket in goed jier foar de fjildûlen te wurden yn Fryslân. In protte mûzen en in geunstige subsydzjeregeling fan de provinsje kin wolris goed útpakke foar de bedrige fûgelsoarte. Boeren mei in briedende fjildûle op it lân kinne in fergoeding fan 1250 euro de hektare krije en dat bedrach kin noch oprinne nei 1500 euro de hektare.

Foto: Wikimedia Commons

De 'Asio Flammeus' komt yn Nederlân foaral foar yn Fryslân, Grinslân, it Waadgebiet en yn de buert fan de Noardsee. Yn de Trynwâlden briedt in fjildûle op it lân fan boer Anne van der Veen. Hy waard attindearre op it nêst troch Piet van de Polder fan de Fûgelwacht Trynwâlden. Dat wie krekt op 'e tiid, want moandei soe der meand wurde, sa wie de planning.

Gewoanwei leit in fjildûle yn totaal acht aaien en it útbrieden en dêrnei it útfleanen fan de piken nimt sa'n 2,5 moanne tiid. Salang sil boer Van der Veen it gers stean litte. Yn Fryslân binne dit jier al sa'n tweintich meldingen kaam fan nêsten fan fjildûlen en dat is behoarlik, seit fûgelwachter Van de Polder.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn de Trynwâlden briedt der in fjildûle op it lân fan boer Anne van der Veen

Trefwurden: 
Trynwâlden fjildûle
(advertinsje)
(advertinsje)