Ljouwert krijt subsydzje foar ûndersyk nei jongerein yn 'e bystân

15 maaie 2019 - 12:28

De gemeente Ljouwert hat in subsydzje fan 200.000 euro krigen foar ûndersyk nei jongerein dy't yn 'e bystân sitte. It jild komt fan it wittenskiplik ryksynstitút ZonMw, dat mei sûnensûndersyk bydrage wol oan bettere soarch en sûnens.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn totaal sitte hast 6.000 ynwenners fan Ljouwert yn de bystân, wêrûnder goed 700 jongere minsken foar wa't in spesjaal konsulinteteam bestiet. It grutste part fan de finansjês giet nei dizze konsulinten, dy't de minsken wer helpe moatte in baan te finen.

Undersyk

It subsydzjebedrach fan it ZonMw wurdt bestege oan ûndersyk, yn gearwurking mei NHL Steden Hogeschool, nei effektive wurkwizen fan de jeugdkonsulinten. Doel is de jonge minsken út de bystân te krijen.

Trefwurden: 
Ljouwert subsydzje bystân
(advertinsje)
(advertinsje)