Auto brânt út op parkearterrein yn Ljouwert

15 maaie 2019 - 12:03

In auto is woansdeitemoarn yn flammen opgien oan it Molenpad yn Ljouwert. De auto stie op in parkearterrein. In foarbygonger seach reek út de auto wei kommen en warskôge de brânwacht. Doe't dy oankaam, stie de foarkant fan de auto al yn 'e brân.

Foto: Kappers Media

De brânwacht slagge der frij rap yn de útslaande flammen út te meitsjen, mar koe net foarkomme dat de auto flinke skea oprûn. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
Ljouwert autobrân
(advertinsje)