Slachboom fan brêge Makkum stikken riden, gemeente siket tsjûgen

15 maaie 2019 - 11:23

De gemeente Súdwest-Fryslân siket minsken dy't mear witte fan de skansearre slachboom op de Suderseewei yn Makkum. De slachboom op de brêge yn de Sudersee waard ôfrûne moandei oanriden troch in trekker.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Troch de oanriding is in soad skea ûntstien. Tsjûgen dy't sjoen hawwe wat der krekt bard is, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de gemeente Súdwest-Fryslân.

(advertinsje)