Crone slút wer twa wenningen yn Ljouwert fanwegen drugs

15 maaie 2019 - 11:07

Opnij binne der yn Ljouwert twa wenningen sletten fanwegen de oanwêzichheid fan drugs. Boargemaster Ferd Crone sleat in hûs oan de Hottingastate en ien yn de Corellistrjitte yn 'e stêd.

Marihûana - Foto: Shutterstock.com

Oan de Hottingastate waard earder dit jier in himpkwekerij oantroffen, wylst yn de oare wenning kokaïne en heroïne fûn waard. Ek naam de plysje in luchtdrukwapen yn beslach. De huzen binne ôfrûne freed sletten, sa lit de gemeente witte.

Tsiende sluting

Neffens de ynstânsjes is der gjin ferbân tusken de beide wenningen. It is al de tsiende kear dit jier dat boargemaster Crone in wenning slút op grûn fan de Opiumwet.

Trefwurden: 
Ljouwert Ferd Crone drugs
(advertinsje)