Hoe liket it nei de grutte brân by it restaurant yn Lauwerseach?

"Je denkt: jeetje, dat kan niet waar zijn," seit Truus Klont. It fiskrestaurant fan har dochter Anita Klont, Waddengenot aan Zee by Lauwerseach, baarnde tiisdei folslein út. De âldelju fan de eigneres reagearje oandien troch de brân. In dei letter ride in soad minsken by it plak del om de skea te ynventarisearjen.
Hoe liket it nei de grutte brân by it restaurant yn Lauwerseach?
"Je krijgt tranen in je ogen, het is gewoon vreselijk. Zó'n mooi bedrijf en het liep zó mooi, en dan in één keer ben je alles kwijt," seit mem Truus Klont.
De âldelju binne bliid dat der gjin minsken ferwûne rekke binne. "Er waren wel 20, 25 mensen," skat heit Marten Klont yn. "Maar die hebben ze er allemaal goed uitgekregen. Een meisje van het personeel is nog naar de toiletten gegaan, om te kijken of er nog iemand op zou zitten. Ze hebben zich heel goed gehouden," folt Truus Klont oan.
Marten en Truus Klont waarden belle oer it nijs. "Hier slaap ik vannacht niet best van," seit heit Marten Klont.
© ProNews
Ferslachjouwer Peter Steinfort fan RTV Noord praat mei de âldelju fan eigneres Anita Klont
"De brân wie gigantysk, inkeld in stikje fan de foarside fan it restaurant is bewarre bleaun, dêr stiet 'Viswinkel & Rokerij' op. Dat kin ik noch sjen, mar it leit folslein yn de jiske. It is swart, it stjonkt en der binne stekken om it gebou hinne pleatst. Fan it terras is neat oer, op in pear tafeltsjes en stuoltsjes nei," seit ferslachjouwer Johanna Brinkman dy't tiisdeitemoarn yn Lauwerseach wie.
De dyk by it restaurant hat tiisdei in skoft ôfsletten west, mar is no wer iepen.

Nijsgjirrich nei de skea

In soad minsken wolle efkes sjen hoe't it restaurant der no by stiet. "In soad auto's ride stapfoets, der wie sels in bussjauffeur dy't syn bus oan 'e kant sette en in foto makke." Fierder hat it Wetterskip del west om de skea oan de dyk en it gers te ynventarisearjen. Ek in boerd fan it Friese Woudenpad is hielendal swartbleakere.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Lauwerseach