Minister wol bêst yngripe op kontenerferfier boppe Waad, mar no noch net

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wol bêst mei konkrete maatregels en in ynternasjonale lobby komme om it kontenerferfier boppe de Waadeilannen feiliger te meitsjen, mar no noch net.
Minister wol bêst yngripe op kontenerferfier boppe Waad, mar no noch net
In soad Keamerleden wolle no al aksje, wêrûnder ek koälysjepartijen CDA, D66 en de ChristenUnie, mar earst moat in grut ferskaat oan ûndersiken en evaluaasjes achter de rêch wêze, fynt de minister. Dat sei sy tiisdeitejûn yn in debat mei de Twadde Keamer nei oanlieding fan it ûngelok mei kontenerskip MSC Zoe dat begjin jannewaris 342 konteners ferlear boppe de Waadeilannen.
Minister wol best yngripe op it kontenerferfier boppe it Waad, mar no noch net

Ekologyske ramp

Van Nieuwenhuizen seit it resultaat fan de ûndersiken nedich te hawwen. Oars kin sy gjin "deuk in een pakje boter slaan" as sy ynternasjonaal saken oars regelje wol by it ferfier fan konteners. It giet om ûndersiken nei de oarsaak fan it ûngelok, dat sy no ek in ekologyske ramp neamt, mar ek fan bygelyks TNO dat no sjocht oft it ek mooglik is om konteners te 'chippen' wêrmei't sy makliker weromfûn wurde kinne.
Yngripe op it goed fêstsetten fan konteners op de skippen wachtet op ekstra kontrôles dy't noch noch hieltiten útfierd wurde troch de ynspeksje Leefomgeving en Transport. Op it punt fan it dielen fan mear details oer de lading fan de konteners dy't yn see bedarren, joech de minister gjin ekstra romte. Neffens har kin dat net neffens de wet Openbaarheid Bestuur. Van Nieuwenhuizen wiist derop dat de 'ynsidintebestriders' dy detailynformaasje wol krigen.
Seestjer mei plastic © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Remco de Vries wie by it kontenerdebat

Geheimhâldingsklausule

Undersiker Tjisse van der Heide fan de Ryksuniversiteit Grins makke earder op in harksit fan de Twadde Keamer al dúdlik dat syn ûndersyk nei de ekologyske gefolgen fan de kontenerramp eins net sûnder dy detaillearre ynformaasje oer de lading kin. Minister Van Nieuwenhuizen sei dat de ûndersikers dy ynformaasje no al krije, mar Van der Heide hat begrepen dat sy dêrfoar wol in geheimhâldingsklausule ûndertekenje moatte. Neffens de minister hat dat ek wer te krijen mei de grinzen fan de Wet Openbaarheid Bestuur. "Ook onderzoekers moeten zich aan die wet houden."
kontenerskip MSC Zoe © Wikimedia Commons

Tefreden oer debat

It debat waard bywenne troch de boargemasters fan Skylge en Skiermûntseach: Bert Wassink en Ineke van Gent. Ek al kamen der noch net in soad konkrete tasizzingen los, dochs wiene sy behoarlik tefreden mei it debat. De fragen en easken fan de Waadeilannen krigen in goed poadium yn it debat, mei stipe fan trije regearingspartijen.
De ôfhanneling fan de skea komt no ek op gong. Neffens minister Van Nieuwenhuizen is de earste komplete claim no yntsjinne by it skealoket fan Rykswettersteat. Dêr hawwe 25 partijen harren meld. Neffens minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer wurde der ynkoarten yndividuele petearen fierd tusken de reder en fiskers dy't skea hawwe troch de kontenerynhâld yn harren netten.