Kollum: "Janke"

15 maaie 2019 - 09:02

"Normalerwize binne we út de skroeven at in Fries of Friezinne op de nasjonale telefyzje komt. Watte, sels Omrop Fryslân besteget der talleaze appkes oan as soks bart, ek al giet it somtiden oer net mear as dat in Fryske boer in frommes ha wol. Mar doe't Jan van Weperen sneon syn ferhaal fertelde foar Nieuwsuur ha 'k sitten te janken. Watte, ik skamme my dea.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

It kaam der op del dat at immen syn hûs stiet yn it feangreidegebiet en dat hûs donderet op Grinzer wize yn elkoar om't de boeren it wetter net heger ha wolle ûnder har lân, dan hienen se foardat dat hûs boud waard mar better út de doppen sjen moatten. Dan binne se sels ferantwurdlik. Bliuw ôf fan ús hillige grûn en it wurk fan de boeren.

Ik jankte. Ik skamme my. Mar ik wie net ferbjustere. No ja, miskien oer hoe gau't dit al op de hispel kaam. Want it nije wetterskipsbestjoer is noch mar in pear wike âld. Dêr sit Jan van Weperen ek yn. Hy doart dit no sa wreed te sizzen, om't hy yntusken murken hat dat de oare deistich bestjoersleden noch suniger mei wetter binne as hokker boer dan ek. En dat dy deistich bestjoersleden it hiele algemiene bestjoer en de dykgraaf yn de skjirre ha.

Jan van Weperen sei it yn in reportaazje dy't oantsjutte dat fersakkingen yn de feangreidegebieten op plakken yn Fryslân noch al nuodlik binne. It wie, yn in pear wiken, it safolste sinjaal dat de mienskip der goed oan dwaan soe alles te feroarjen. It him net mear 'feroarlove' kin dat alles bliuwt lykas it is. Ik moat sizze dat de media it noch aardich folhâlde om al dy hiele en heule wittenskippers oan it wurd te litten oer al dy net sûne sitewaasjes yn lânbou en natoer.

It hat neat te krijen mei de barge-oproer fan 'e wike yn Boxtel. Dat is it militante Partij voor de Dieren-ferhaal. Dit is it ferhaal dat de lânbou de natoer en himsels ek net ôfbrekke moat, op hokker wize ek. En it binne net inkeld mear de natoerminsken dy't stean gean. Sjoch, yn de 70'er en 80'er jierren fan de foarige iuw wiene dit soart diskusjes gefjochten tussen geitewollen sokken yn sandalen en kreaze sigaren smokende en jenever drinkende boeren en politisy. En ik moat earlik sizze dat wy as media wolris wat tefolle fan dy lêste groep oan it wurd lieten. Wy wisten doe ek net mear as dat it natoergefoel hjir en dêr wol wat oerdreaun like.

We binne no noch wat yn betizing om't der minsken binne dy't fine dat in baarch de hiele dei wat yn in lisstoel hingje kin en betsjinne wurdt mei in bakje spek troch de frou dy't de boer dochs fûn hat. Mar as se dan in kar meitsje moatte tusken wolf en skiep, witte se it net mear. Tagelyk is der ek in klimaatdiskusje oan de gong. Dy giet inkeld om jild. Elsevier skreau lêst mei in grutte kop dat 25 persint fan de befolking de klimaatdiskusje ûnsin fynt. Se skreaunen net dat trijekwart fan it folk it dus iens is oer dat it sa net langer kin.

Dat binne dan, al of net tafallich, deselde lju dy't der foar soargje wolle dat ús feangreidegebiet, ek al is it mar in bytsje, better wer yn folle fleur wurket oan it natoergefoel en de ekonomy fan Fryslân. Sels binnen lânbou-organisaasje LTO, sels fanút de boeren, wurdt dat lûd hieltyd lûder.

Ferline jier augustus kaam in wittenskiplik rapport. Dêr stie yn dat at we neat dogge, de feangreide yn 2100 fuort is. Dêr ha we no in goed heal jier oer âldehoerd. En, en dat sei Jan van Weperen ek allegear, der wurdt no in ynventarisaasje makke fan de huzen dy't fersakje. Der wurdt ek in plan makke om dy ynklinking tsjin te gean.

Bêst Van Weperen. Ynventarisaasje. Plan. Mar der bart noch neat. Sels as yn Steaten en sels it Wetterskip frege wurdt om ris echt wat te besykjen, wurdt der neat dien.

De mienskip fytst aanst wer massaal troch it lân. Se sjogge wer wat mear blomkes yn de greide. Foarearst is dat lykwols noch net folle mear as gesichtsbedroch."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)