UPDATE: A7 tusken Drachten en Grins is wer frijjûn nei frachtweinûngelok

De A7 tusken Grins en Drachten is om tolve oere hinne wer frijjûn foar it ferkear. Troch in ûngelok mei in frachtwein wie de dyk in skoft ôfsletten by Mearum, yn de rjochting fan Grins nei Drachten. Dat duorre oant in oere as tolve.
A7 by Drachten (argyffoto) © Srfotografie
De frachtwein stie dwers op 'e dyk en in bestelbus is dêrop klapt. Der stie woansdeitemoarn mear as tsien kilometer file.
It ferkear waard advisearre om te riden oer Assen of Meppel.