SC Cambuur fiert feest mei "twee lelijke doelpunten"

15 maaie 2019 - 07:58

It wie feest yn de klaaikeamer fan SC Cambuur tiisdeitejûn. De Ljouwerters wûnen mei 2-1 fan Almere City en binne dêrtroch fierder nei de folgjende ronde fan de play-offs foar de earedifyzje.

Keeper Xavier Mous fan SC Cambuur wie bliid mei de útslach, mar hie noch wol wat oan te merken op de doelpunten. "We mogen heel erg blij zijn met in ieder geval de strijdlust die we hebben laten zien. De eerste helft bij vlagen goed gespeeld, twee lelijke doelpunten maar die tellen ook en die van Almere was trouwens ook lelijk. Ik denk dat we hartstikke blij zijn en mogen zijn ook. Door naar de halve finale."

De 2-0 yn de 19e minút wie in eigen doelpunt fan Almere City, al is de Frânske middenfjilder Robin Maulun fan SC Cambuur it dêr net hielendal mei iens. Nei in foarset fan links fan Andrej Ciganiks miste Etemadi de bal en koe Maulun de bal op de goal koppe. Uteinlik rekke Marouane Bensabouh fan Almere as lêste de bal. Foar my wie it myn goal, fersuchtet Maulun. "But it's okay." Neffens de Frânsman wie it dochs like belangryk en moai foar it team.

Trainer René Hake is grutsk op syn spilers en hat dat ek witte litten yn de klaaikeamer nei ôfrûn fan de wedstriid. "Ik heb gezegd dat ik het een geweldige prestatie vind en dat we het echt op een goede manier over de streep getrokken hebben, met als beloning de halve finale."

Doelman Xavier Mous fan SC Cambuur krijt in krûpke - Foto: www.orangepictures.nl

Snein is de earste wedstriid yn de twadde ronde om promoasje. Nei alle gedachten wurdt de tsjinstanner dan De Graafschap fan Henk de Jong, mar it soe Excelsior ek noch wurde kinne. De úteinlike tsjinstanner wurdt woansdeitejûn bekend.

Trefwurden: 
play-offs SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)