Ljouwert stekt 120.000 euro yn Antillianebelied

De gemeente Ljouwert stekt 120.000 euro yn it saneamde Antillianebelied. Fan dat jild moat in oanpak ûntwikkele wurde, om derfoar te soargjen dat jonge Antillianen mear perspektyf krije. It giet dan om taalûntwikkeling, stipe foar húshâldingen en help by opfiedingsproblemen. It jild is in útfloeisel fan in diskusje yn de gemeenteried fan Ljouwert.
Stedhûs Ljouwert © Google Streetview
Dy diskusje kaam der, om't der in soad te dwaan wie om in opmerking yn de feilichheidsmonitor. Dêryn waarden Antillianen eksplisyt neamd. Der waard skreaun oer 'kânsleaze' Antillianen en in ûntmoedigingsbelied om nei Ljouwert te kommen. Yn harren mienskip soe it idee libje dat yn dy stêd maklik wenromte en in útkearing te krijen is.
Krekt dizze passaazje soarge foar in soad opskuor, benammen binnen de Antilliaanske mienskip. Yn de gemeenteried waard letter in moasje oannaam, om wurk te meitsjen fan de oanpak fan de problematyk.