SC Cambuur fierder yn play-offs nei winst op Almere City

14 maaie 2019 - 22:42

SC Cambuur hat de folgjende ronde fan de play-offs foar de Eredivisie helle troch mei 2-1 te winnen fan Almere City. Nei in sterke start stiene de Ljouwerters al binnen 20 minuten mei 2-0 foar. Almere City kaam oan it begjin fan de twadde helte noch wol werom oant 1-2, mar Cambuur koe de oerwinning oer de streek lûke.

De Ljouwerters hiene nei it 2-2 gelykspul fan ôfrûne freed allinnich genôch oan in oerwinning of in lykspul mei mear as trije doelpunten.

Dreamstart

Yn it earste kertier makken beide teams in soad fouten. Mar troch in fout fan Almere City-keeper Agil Etemadi koe Cambuur nei 17 minuten de skoare iepenje. Nei in foarset fan Van Wermeskerken liet Etemadi de bal los. Nigel Robertha reagearre attint en sjitte de 1-0 tsjin de touwen.

Fuort nei it iepeningsdoelpunt lei de 2-0 foar de Ljouwerters der ek yn. Wer seach de keeper fan Almere City der net goed út. Nei in foarset fan de linkerkant fan Andrej Ciganiks mist Etemadi de bal wêrtroch't Robin Maulun de bal op goal koppe koe. Uteinlik wie it Marouane Bensabouh fan Almere City dy't de bal as lêste rekke: 0-2.

Mbende en Van Wermeskerken yn aksje - Foto: Orange Pictures

Op slach fan rêst wie Almere City noch tichtby de oanslutingstreffer. Mar in goeie rêding fan keeper Xavier Mous, dy't freed noch blesearre wie, makke dat Cambuur mei in 2-0 foarsprong de klaaikeamers opsocht.

Min begjin twadde helte

Yn de twadde helte kaam de oanslutingstreffer der wol. Yn de 50e minút rûn Niek Vossebelt by de earste peal in foarset fan Stijn Meijer binnen. Ek nei de 1-2 pipe en kreake it by de Ljouwerters, mar nettsjinsteande de druk bleaunen de Ljouwerters oerein stean.

Folgjende tsjinstanner De Graafschap?

Yn de folgjende ronde fan de play-offs is de kâns grut dat de Ljouwerters De Graafschap tsjinkomme. De ploech fan Henk de Jong, dy't it folgjende seizoen wer trainer fan Cambuur is, stiet op it stuit 17e yn de Eredivisie. As dat sa bliuwt treffe beide ploegen inoar. De Jong siet tiisdeitejûn ek op de tribune yn Almere.

Almere City - SC Cambuur 1-2 (0-2) 17. Robertha, 19. Bensabouh (e.g.), 50. Vossebelt

Opstelling SC Cambuur: Mous, Van Wermeskerken, Mbende, Steenvoorden, Sambissa, Schilder, Jansen, Maulun, Kallon (90' Bangura), Robertha, Ciganiks (82' Van Kippersluis)

(advertinsje)