Swier fertutearze pleats oan de súdkant fan Ljouwert wurdt hotel

Foar de ein fan 2020 moat de pleats Buma State oan de súdkant fan Ljouwert opknapt wêze. De pleats is fan de eigener fan it neistlizzende Van der Valk hotel. Op koarte termyn wurdt der in omjouwingsfergunning ôfjûn en kin begûn wurde mei de ferbouwing.
© Omrop Fryslân
Der wurdt al in skoft wurke oan in goed plan foar de monumintale pleats. It is eigendom fan Martin Matser fan it Van der Valk hotel. Matser woe earst sjen oft mooglik in oare partij ynteresse hie yn de pleats. Doe't dat net it gefal wie is hy sels begûn mei it meitsjen fan plannen. It betsjut dat de foarside fan de pleats ôfbrutsen wurdt en opnij opboud. Dêr komt in wente. Yn de skuorre komme hotelkeamers.
Om foar te kommen dat briedende fûgels noch mear skea feroarsaakje yn de dakkonstruksje binne alle dakpannen der ôf helle. It is de bedoeling dy op'e nij te brûken by de ferbouwing.