Brân Lauwerseach ûnder kontrôle

De brân yn fiskrestaurant Waddengenot aan Zee is ûnder kontrôle. Dat lit de brânwacht witte. It houten gebou is hast folslein útbaarnd.
Grutte útslaande brân yn restaurant by Lauwerseach
Op it momint dat de brân ûntstie wiene der sawol gasten as personiel oanwêzich yn it pân. Sy koene harsels sûnder problemen yn feiligens bringe. Gjinien fan harren is ferwûne rekke, of hat reek ynazeme.
It fjoer is nei alle gedachten yn de keuken ûntstien, en koe him rap troch it houten gebou ferspriede, wêrtroch't de brânwacht al gau opskaalde nei in grutte brân. Hjirtroch waarden brânwachtkorpsen út sawol Grinslân as Fryslân oproppen.
De reek fan de brân wie yn de fiere omkriten te sjen, en wie op in stuit sa bot dat de N361 tusken Anjum en Lauwerseach ôfsluten wurde moast foar it ferkear.
De eigeners fan it restaurant binne neffens de brânwacht bot oandien troch it barren.
© ProNews