Brânwacht yn aksje foar garaazjebrân op De Harkema

14 maaie 2019 - 21:34

De brânwacht is op De Harkema hat it tiisdeitejûn drok hân mei in brân yn in garaazje. Der waard opskaald nei in grutte brân om te foarkommen dat it fjoer oerslacht nei de wenning derneist. Dêrom wiene der meardere korpsen oproppen. Om healwei tsienen wie it fjoer ûnder kontrôle.

Foto: Srfotografie

De garaazje stiet oan De Flearen, midden yn in wenwyk. De brân bruts healwei de jûn út. De brânwacht koe net foarkomme dat de garaazje folslein ferlern gie. Mooglik is der asbest frijkaam, dat sil ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
De Harkema brân
(advertinsje)
(advertinsje)